{ 'anonymize_ip': true }

Pagina's

vrijdag 19 juni 2015

Broddelje en breidzje

Broddelje en breidzje


Myn tekken is no op 'e helte. 



It giet net sa hurd no, want ik bin dwaande mei it "útfinen" hoe 't ik der in pompeblêd yn breidzje kin. (Hjir kinst mear lêze oer myn tekken.)


Ik bin oan 't tekenjen, ik sjoch nei oare patroanen, fan in hert en fan in flinter, en ik besykje hoe 't it útfalt.


Hjir giet de rjochterkant te hurd omheech. Raffelje mar! En opnij begjinne fanselfs :-)


Dit fyn ik al in stik better!


It hiele pompeblêd sit deryn en hjir is it hiele "broddellapke" klear!


Ik tink dat ik de skeane banen yn'e hoeken noch wat grutter doch, in lyts bytsje. En ik sjoch no noch in "ferbetter-puntsje, no 't ik de foto sjoch. Ik kin no al wer fjirder mei de tekken. En der komt in pompeblêd yn!


Groetnis fan it Nifelwyfke!

Reaksjes binnen tige wolkom. Ik lês se graach.

4 opmerkingen:

  1. Tjonge, dat wordt een grote deken! Leuk om zo een patroontje te verzinnen, maar het kost inderdaad wel tijd.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Brobbellapke, mar wol moai om ut te finen hoe as it moat. En dan is it op papier dochs wer oars as in it echt. Pompeblêd wat rûnner fan underen?

    groet, Wiepkje

    BeantwoordenVerwijderen
    Reacties
    1. Ja, krekt, ik seach no op de foto dat in fan ûnderen docht noch wol wat oars kin oan de linkerkant. It giet no wat te steil.

      Verwijderen
    2. Op in tekening moast ek noch rekken hâlde mei dat in stek net like heech as breed wurdt.

      Verwijderen